It online Nederlânsk-Frysk wurdboek ferfangt in yntusken ferâldere wurdboek út 1985. It betsjinnet twa brûkersgroepen: net-Frysktaligen en de twatalige Friezen, dêr’t de measten fan leard ha om Nederlânsk te skriuwen, mar (noch) net wend binne om Frysk te skriuwen. It maatskiplik belang is dat de Fryskpraters in helpmiddel bean wurdt by it skriuwen fan it Frysk. It wittenskiplik belang leit yn it omgean mei tûkelteammen dy’t ynherint binne oan de (twatalige) leksikografy fan minderheidstalen. De Nederlânske data yn it Algemeen Nederlands Woordenboek fan it INL foarmje it útgongspunt. It nije wurdboek slút oan by de yntinsje dy’t de provinsjale oerheid útsprutsen en formulearre hat om it Frysk te befoarderjen en te beskermjen.
No reviews yet. Be the first to add a review.